Bobteam hâldt hoop op Spelen mar "it wurdt hiel lestich"

De Fryske bobsliders hawwe noch fjouwer wrâldbekerwedstriden om harren te pleatsen foar de Olympyske Spelen. Dennis Veenker, Jeroen Piek en de rest fan de Nederlânske ploech sille oan de bak moatte, want it achttjinde plak dêr't se no op stean is net genôch. Se moatte mei de fjouwermansbob nammentlik by de earste tolve einigje yn it algemien klassemint. Oankommend wykein is de earste mooglikheid om plakken te winnen: by de wrâldbeker yn it Dútske Winterberg.
De bobsliders kinne yn de oanrin nei de wedstriid op ien dei maksimaal twa ôfdalings meitsje as training. Dat hawwe se woansdei en tongersdei ek dien. "Vrijdag is een rustdag. Dan schuren we de ijzers en bereiden we ons voor op de wedstrijd", fertelt Piek. Sneon is de wedstriid fan de twamansbob, snein is de fjouwermans. Piek: "Ik heb het gevoel dat we er klaar voor zijn."
Koarte tariedingstiid
It achttjinde plak yn it klassemint is miskien in bytsje teloarstellend, in ferrassing is it ek wer net. Dêr't oare bobs al jierrenlang mei de tarieding dwaande binne, is de Nederlânske ploech sûnt septimber dwaande mei-inoar. "Wat dat betreft gaat het al ontzettend goed, als je naar de voorbereiding kijkt. Het wordt lastig, maar dat hebben we van tevoren ook al gezegd." Der is pas sûnt septimber in sponsor, wêrtroch't de ploech ek finansjeel stipe krijt. Dat hat in positive ynfloed op de prestaasjes.
Oft de Olympyske Spelen helber binne, dat liket noch in hiele toer te wurden. "Miskien is it wol in brêge te fier. It wurdt hiel lestich, want it fjild is megasterk. Mar it sit allegearre sa ticht byinoar, we moatte sjen dat we mei komme kinne", fertelt Veenker. Hy moat genôch nimme mei in plakje as reserve en dus komt de Damwâldster net in soad yn aksje. Tongersdei en freed wol, om't ploechmaat Bror van der Zijde blessearre is. "It is super dat ik de kâns krij om yn te fallen. Dit soart kânsen moat ik wol pakke", seit Veenker, dy't fansels wol leaver faker yn aksje komt. "It is wol lestich, mar ik wit dat we it as team dogge en dat de jonges ek net sûnder my kinne. Ik bin bliid dat ik op dizze wize myn stientsje bydrage kin."
Russen
Wat de Nederlânske bobsliders mooglik noch wol helpe kin, is dat der twa Russyske ploegen foar harren steane yn it klassemint. Dy falle der miskien tusken wei, om't de organisaasje fan de Spelen de Russen mooglik tsjinhâlde wol yn ferbân mei it dopingferline. Dêrtroch soene de Nederlânske manlju dus mooglik twa plakjes opskowe kinne. "We moeten afwachten", seit Piek. Dochs moatte se dêr net fanút gean, fynt Veenker: "We kinne der neat oan dwaan, dus we moatte ús der net te drok om meitsje." Foar Veenker steane de kommende dagen benammen yn it ramt fan it stypjen fan syn ploechgenoaten. Hy stiet beslist net oan de sydline ta te sjen. "Ik bin dwaande mei it klearmeitsjen fan de slide en it oanmoedigjen fansels. Ik haw in protte fertrouwen yn de jonges."