Striid Cupido en gemeente Skylge foar Raad van State

West-Skylge © Marco Kloostra
De Raad van State bûget him de kommende tiid oer de kompostplannen fan feehâlderij Cupido op Skylge. Cupido besiket al tolve jier syn kompostearbedriuw te legalisearen, mar krijt dat net foarinoar bij de gemeente. Dêrom troffen beide partijen elkoar bij de Raad van State. De gemeente koe dêr net dúdlik meitsje, wêrom't dy Cupido gjin fergunning jaan wol, wylst de situaasje al dy tiid wol gedoogd wurdt. Skylge wol wol in proef fan fiif jier tastean. Mar dat wol Cupido net. Dan soe it bedriuw in soad ynvesteare moatte mei it risiko dat it nei fiif jier dien is. De Raad van State docht oer in pear wiken útspraak.