Reidfjild ôfsnien yn Koudum, omwenners lilk

Lilkens by bewenners fan de Doerebout yn Koudum. In snijboat hat dêr tongersdeitemoarn yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân in reidfjildsje folslein ôfsnien. Dat wylst it reid foar it grutste part op priveegrûn stie, dy't jierren lyn oankocht is troch de bewenners. Sawol yn de winter as yn de simmer bea it reidfjild in skûlplak foar in soad wetterfûgels en fisken, mar dy moatte no op syk nei in oar plak. It reidfjild oan de Doerebout wie it iennige yn it Morraplan, oan de râne fan Koudum.
Ien fan de lilke omwenners is Romke Kroondijk. Hy hat it reidfjild jierren lyn sels oanplante. ''Ik siet fan 'e moarn oan de kofje, doe't ik in soad leven njonken myn hûs hearde. Doe't ik oankaam, hie in man op in boat al it reid fuort snien. Yn opdracht fan de gemeente. Wy binne grutsk op dit plakje njonken ús wenning. Dat dit sûnder oerlis bard is, is net út te lizzen.''
De gemeente Súdwest-Fryslân siket op it stuit út wat der krekt bard is.