Hoe stiet it derfoar mei de Fryske huzemerk? Doch de enkête!

© ANP
Binne jo tefreden mei jo hûs? Mei de hjoeddeistige huzemerk kin it sykjen nei in nij hûs in soad spanning opsmite. Oft der no socht wurdt nei in hierhûs of in keapwente, maklik is it meastentiids net. Wy soene graach in byld hawwe wolle fan hoe't it neffens jo derfoar stiet mei de huzemerk yn Fryslân. Wêr rinne jo tsjinoan? Wat rint der goed, en wêr kin it better? Folje ûndersteande enkête yn en help ús om in folslein byld te krijen fan de Fryske huzemerk.
Jo kinne de enkête hjir fine.