SP yn de Steaten bliuwt har lean yn de partijkas stoarten

07 des 2017 - 16:28
De steateseal yn it provinsjehûs - Foto: Omrop Fryslân

De SP-leden yn Deputearre Steaten en Provinsjale Steaten sette it ôfdragen fan jild oan de lanlike partijkas troch. De provinsje wol dat dêr in ein oan komt, sa't âld-minister Plasterk in skoft lyn foarsteld hat. SP-leden drage har provinsjale fergoeding ôf oan de partij, dy betellet har dêrnei har lean. Plasterk fûn dat SP-politisy sa te bot ôfhinklik wurde fan de partij. Dat fûn er gjin goeie saak. De fraksje fan de SP yn Provinsjale Steaten is it dêr net mei iens. Dy giet gewoan troch mei de ôfdracht oan de lanlike partijkas.

(Advertinsje)
(Advertinsje)