IIshockeyers helpe earme bern om ek te sporten

IIshockeyklup Unis Flyers sil him ynsette foar bern dy't net sporte kinne, om't har âlders dat net betelje kinne. De seleksje sil him ynsette foar alderhanne aktiviteiten foar bern, lykas bygelyks clinics. Op sneintemoarn kinne se nei in reedrydklasse. De earste trije wedstriden hoege se dan net te beteljen. Bern meie ek nei de wedstriden fan de Flyers. De Unis Flyers wurket gear mei it Jeugdsportfonds Fryslân. Dat soarget yntusken dat twatûzen bern út earme gesinnen sporte kinne.