Utnaaiende ynbrekker falt en rekket út 'e tiid

07 des 2017 - 15:40

In ynbrekker is woansdeitejûn tsjin 'e lampe rûn yn de Pelikaantsjerke yn Ljouwert. De 42-jierrige man hie in laad iepenbrutsen en in jildkiste pakt, doe't ien fan de tsjerkerintmasters him betrape. De ynbrekker woe fia de trep útnaaie, mar foel en rekke út de tiid. Doe't er wer bykaam, wie de plysje arrivearre en ek in ambulânse. De man is earst meinaam nei it sikehûs en nei behanneling yn de sel set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)