Fiskvlogger sil by Alvestêden del

Fiskvlogger Nino Schaap fan Snits sil al fiskjend by de Alvestêden del. De vlogger leit sûnt in pear moanne syn fiskaventoeren fêst mei de kamera en set dy filmkes wer op Facebook. Dizze filmkes binne sa populêr dat er yn koarte tiid al in behoarlike fanbase opboud hat. "Dit plan foar in Alvestêdetocht hie ik eins al hiel lang," sa fertelde er tongersdei yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân, "ik wist lykwols net goed wannear't ik it bekendmeitsje moast, en no hie ik tiid dus dan moat it no mar."
It is de bedoeling dat Schaap yn alle stêden in dei lang fiskje sil. Om dy aventoeren dan fêst te lizzen mei de kamera en wer te pleatsen op social media. "Ik sil yn alle stêden fiskje, en dêr dan ek in gouden plakje opsykje." Dêrnjonken wol Schaap de ferskate steden ek in bytsje sjen litte. "Ik wol eins oeral wat besykje te fiskjen, want ik wol de folsleine dei fiskje," sa fertelt er. Mooglik sil de Alvestêdefisktocht takom wike al úteinsette. It plan fan Schaap is om yn syn eigen wenplak Snits te begjinnen, om dan úteinlik ek wer yn Snits te einigjen.