"Boaiemdelgong troch gaswinning binnen tastiene grinzen"

© Remco de Vries
De boaiemdelgong troch gaswinning ûnder de Waadsee is foarich jier binnen de tastiene grinzen bleaun. Dat stiet yn it jierlikse rapport fan gaswinbedriuw NAM. De kommisje m.e.r., de kommisje foar miljeu-effektrapportaazje, fynt dizze konklúzje oannimlik. Yn it rapport stiet dat der sprake is fan Waadplaatferleging, mar dizze soe net feroarsake wurde troch gaswinning mar troch natuerlike oarsaken.
De kommisje m.e.r. wol dat dit yn de rapportaazje oer dit jier neier ferklearre wurdt. Ek de delgong fan inkelde fûgelsoarten en it sâlt wurden fan de Lauwersmar moatte yn dy rapportaazje fierder ûndersocht wurde, fynt de kommisje.
Soarchlik
Neffens de Waadferiening binne de konklúzjes út it rapport soarchlik. Salang't net fêststeld is oft de feroarings op it Waad feroarsake wurde troch de gaswinning, moat de kraan ticht, neffens de Waadferiening.