Gild Fryske Mounders "út 'e skroeven" mei UNESCO-status

07 des 2017 - 12:59

It ambacht fan mûnder stiet sûnt tongersdei offisjeel op de list fan 'immaterieel cultureel erfgoed van de mensheid' by Unesco. It is foar it earst dat Nederlânsk ymmaterieel erfguod byskreaun is op dy wrâldwide list. Op dy list stean tradysjes, rituelen of bysûndere kennis dy't fan generaasje op generaasje oerdroegen wurde. De mûnders ha ferline jier har fersyk dien om immaterieel erfguod te wurden. En dêr is dus nei lústere.

De mûnders binne op 't heden feest oan it fieren yn Krijtmolen d'Admiraal yn Amsterdam. En dêr is ek foarsitter Frits Bloem fan it gild Fryske mounders. "Ik bin út 'e skroeven en tige grutsk dat it no op de list fan UNESCO stiet. Dit is in garânsje foar de takomst fan it ambacht fan mûnder", seit Bloem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)