Syktocht nei Bruinsma op it Ljouwerter wetter stopset

07 des 2017 - 12:31

De plysje hat de sykaksje nei de fermiste Remon Bruinsma op it wetter yn Ljouwert stillein. De syktocht hat oant no ta noch neat opsmiten. Der wurdt al sûnt dit wykein socht yn de Ljouwerter grêften, en it wetter dêr omhinne. De plysje seit dat net de folsleine sykaksje no stopset wurdt. It is de bedoeling dat der noch wol fierder socht wurdt yn de stêd. Dêrnjonken wurde kamerabylden goed neisjoen op mooglike spoaren fan de fermiste Westereener.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)