Frijwilligers sykje nei Remon yn Grote en Kleine Wielen

07 des 2017 - 11:28

De sykaksje nei de fermiste Remon Bruinsma fan De Westereen giet tongersdei fierder. De plysje drêget yn de grêft op de Willemskade en der rinne plysjes by de grêften yn it sintrum fan Ljouwert om te sjen oft se dêr spoaren fine. Sa'n fyftich frijwilligers sammelen tongersdeitemoarn yn it natuergebiet de Grutte en Lytse Wielen om dêr nei de jonge te sykjen. Se tinke dat er mooglik besocht hat nei hûs te rinnen.

De 18-jierrige Remon wurdt sûnt ferline wike tongersdeitenacht fermist, nei in stapjûn yn it sintrum fan Ljouwert. Hjir in oersjoch fan de ôfrûne wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)