Ynformateur Ljouwert: PvdA, CDA, PAL/GrienLinks en D66

07 des 2017 - 09:34

D66 wurdt de nije partij binnen de koälysje yn de gemeente Ljouwert. Nei de gemeenteriedsferkiezingen set de Ljouwerter polityk yn op in koälysje fan PvdA, PAL/GrienLinks, CDA en D66. Dat is tongersdeitemoarn bekend makke. PvdA, PAL/GrienLiks en CDA sitte no ek al yn it kolleezje. De grutste fraksje yn de gemeenteried, de PvdA, hie fuort nei de ferkiezingen al oanjûn net langer mei trije partijen fierder te wollen. Der komme fiif wethâlders yn it kolleezje. De PvdA (no 3) krijt der twa, de oare partijen allegear ien.

Sosjaal domein

De grutste útdaging leit neffens de partijen en ek de ynformateur op it mêd fan it sosjaal domein. De partijen tinke ferskillend oer it oplossen fan de finansjele problemen op dit terrein.

Tongersdeitemoarn is ek bekend makke dat ynformateur Bert Otten fierder giet as formateur. Otten wurket by Radar Advies yn Amsterdam en wie earder PvdA-wethâlder yn Hengelo en vice-foarsitter fan it lanlike PvdA-bestjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)