Flinke taname ferkearsûngelokken yn Fryslân

It tal ûngelokken yn it Fryske ferkear is foarich jier flink tanaam. Dat docht bliken út de Risicomonitor Verkeer 2016 op basis fan sifers fan fersekerders en it Centraal Bureau voor de Statistiek. Der wie yn ús provinsje in stiging fan goed 18 persint yn fergelyk mei it jier 2015. Hjirmei is Fryslân de provinsje dêr't de taname it grutst is.
Wol is it totaal oantal skeaclaims yn Fryslân nei Grinslân en Drinte it leechst fan Nederlân. Dat leit op goed 66 skeaclaims op eltse 1.000 húshâldens. Yn Grinslân binne dit 56, yn Drinte 57. De measte ûngelokken barre yn Noard-Brabân, dêr binne der goed 100 skeaclaims op eltse 1.000 húshâldens.