Lippenhuzen telt húsmosken

07 des 2017 - 08:48

It giet al jierren net goed mei de húsmosk. It tal fûgels en broedpearen is yn de lêste tweintich jier mei de helte ôfnaam. Om yn kaart te bringen hoe't it op it stuit mei de mosk giet, wurde de ynwenners fan Lippenhuzen oproppen de fûgels yn de gaten te hâlden. En dan net alle mosken, mar benammen de fûgels dy't ringe binne. It tal mosken is dêr mei de helte ôfnaam.

"Wat wy troch de jierren sinjalearre hawwe, is dat troch de bou fan de hûzen it foar de mosken dreech is om ûnder de pannen fan de hûzen te kommen. Se kinne muoisum in plakje fine om in nêst te bouwen en om fretten te finen", seit Willem Bil fan fûgelringstasjon Menork. Yn Lippenhuzen sil no spesifyk sjoen wurde hoe honkfêst de populaasje yn dat doarp is. Mei de útkomsten kin nij belied makke wurde.

Trefwurden: 
mosk húsmosk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)