Kollum: "Radio"

07 des 2017 - 08:31

"Ik mocht fan 'e wike wat fertelle oer podcasten, by studinten psychology fan de Universiteit Utrecht. In jongedame dy't dêr in kolleezje oer klinyske psychology fersoarget, hie it moderne idee opfette om foar in diel fan de ein-opdracht fan de studinten, harren in podcast meitsje te litten. En om't ik dy meitsje, frege se my om wat praktyske tips te jaan en der yn it algemien wat oer te fertellen.

Dus ik sette útein: yn 2004 begie de Nederlânsk/Amerikaanske DJ Adam Curry mei it meitsjen fan in podcast. En hy wie ien fan de earsten. It is in soarte fan radio, mar dan online, kinst it downloade en it kin oer fan alles en noch wat gean. Ik fertelde dat it yn Nederlân mar sunich op gong kaam, trochdat it iennige dat hjir barde einliks it online setten fan radioprogramma's wie. Faak mei it nijs en de reklames der noch oan fêst.

Mar, sa gong ik fierder, troch it súkses fan Amerikaanske podcasts, sa as 'Serial' fan in pear jier lyn, begûnen ek mear Nederlanners harren dwaande te hâlden mei podcasting. Mear minsken begûnen te harkjen, en ek mear minsken begûnen se te meitsjen. En ik bin dêr ien fan, mei myn searje 'De Eeuw van de Amateur'. Ik frege de studinten wa't fan harren der wolris in podcast belústere.

Skruten stutsen in stik as acht studinten harren hân omheech. Fan de mear as hûndert man dy't ik foar my hie. Dat foel my ôf. Fansels, it is noch mar it begjinstadium fan podcasting, mar de jongelju fine it prachtich. Just jongelju kieze graach sels wannear't se wat lústerje, en brûke dêr podcasts foar.

Ik doarde noch in stap fierder te gean, yn dy Utertse kolleezjeseal. Wa fan harren lústeret der wolris nei Radio 1, frege ik. Net ien. No kloppet dat ek wol wer mei de demografyske gegevens oer de harkers fan Radio 1, want dy binne gewoan hiel âld. Mar dat der echt net ien fan harren nei Radio 1 lústere foel my ôf.

Sterker noch: de moed sakke my sa wat yn 'e skuon. Foar wa meitsje we it eins? It giet hiel goed mei de podcasts yn Nederlân, mar ik kin net ien fan myn kollega's yn Nederlân dy't fan podcasts meitsje libje kin. En radio, och, it medium dêr't ik sa fan hâld... hoe komt it dêr mei? Gean de studinten fansels in kear nei de radio lústerjen, as se âlder wurde? Ik ha der net safolle fidúsje yn.

Dit is de tiid fan byld. Alles moat bewege. En ja, ik fyn YouTube ek in fantastyske útfining, mar ik kin net de hiele tiid nei byld sjen. Ik moat ek wolris wat dwaan. En dan is audio sa geweldich. Ik fertelde it ek oan de studinten: minsken fertelle jo folle mear as se net in kamera foar harren noas hawwe, mar allinnich in mikrofoan. De ferhalen wurde safolle oprjochter dan! Mar blykber ha se der gjin boadskip oan.

Of moat ik in karriêreswitch oerwege, want sa komt net klear fansels. Net ien is ynteressearre yn radio. It is sels sa slim, dat der in akkefytsje wie op Radio 538, it populêrste lanlike radiostasjon, mei in hiele minne grap fan DJ's. Se lieten in famke har ferske sjonge, live yn 'e studio. En wylst sy har mei de eagen ticht konsintrearre op har taak, sprong der in neakene man troch de studio. It famke docht har eagen iepen en sjocht in pimel foar har. Se skrikt der sa fan dat se net fierder sjonge kin en yn triennen útbarst. Kutgrap, mar wat hast noch slimmer is: it hat twa wiken duorre foardat dit akkefytsje op de radio in grutte rel waard op de sosjale media.

Blykber sit der net ien op te letten as se nei de radio lústerje. Hey! Hallo? Hjir it mantsje fan de radio! Lústerje jimme?

Lústerje jimme bern? Ja, ik wit ek net wêrom't dat moat. Mar ynienen fielde ik my hiel iensum, sa foar dy grutte groep mei studinten, oan wa't al dy ferhalen dy't ik meitsje dus net bestege binne.

Bist studint, of sawiesa ûnder de tritich, lit it dan ris witte: app ús op 06 20 499 199, of by need op twitter: @jacobstelwagen en @bottejellema. It mei ek oer twa wike."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)