Frou op it spoar yn Ljouwert soarget foar oerlêst

07 des 2017 - 08:29
Foto: ANP XTRA

In 45-jierrige frou út Weststellingwerf hat yn de jûnsspits fan woansdeitejûn yn Ljouwert foar in soad oerlêst soarge troch op it spoar te rinnen. Treinmasinisten krigen de opdracht stadich te riden. In trein kaam by de Pieter Stuyvesantwei stil te stean, nei't de masinist de frou út de boskjes wei op it spoar stappen seach. Dêrtroch kaam ek it oare ferkear hielendal stil te stean.

De plysje hat de frou fan it spoar helle. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
spoar opûnthâld Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)