Gjin ferromming regels rekreaasjewenten yn Eaststellingwerf

06 des 2017 - 23:00
Gemeente Eaststellingwerf

It kolleezje fan Eaststellingwerf is net fan plan de mooglikheid foar permaninte bewenning fan rekreaasjewenningen te ferromjen. Dat sei wethâlder Henk van de Boer woansdeitejûn yn in kommisjegearkomste, as reaksje op fragen fan de PvdA. Dy krijt hieltyd mear sinjalen binnen fan yllegale permaninte bewenning yn fakânsjewennings. De wethâlder befêstige de sinjalen, mar fielt neat foar in ferromming fan it belied. Neffens Van de Boer soe dit de merk foar keap- en hierwenten fersteure.

Hoewol't it kolleezje gjin ferromming wol, bliuwt it ek dreech om te kontrolearjen oft minsken permanint yn in fakânsjewenning ferbliuwe. Neffens de wethâlder is it yn de praktyk hast ûnmooglik fêst te stellen en is der yntinsyf ûndersyk nedich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)