Arend Glas fynt easken foar bobsliders te heech

De easken foar it Nederlânske bobslydteam om de Olympyske Spelen te heljen binne absurd heech. Dat seit âld-bobslider Arend Glas. It Nederlânske bobslydteam, mei dêryn de Friezen Jeroen Piek en Dennis Veenker, moat fan it NOC*NSF yn it wrâldbekerklassemint by de bêste tolve einigje. "Dat is in ûnmooglike eask", neffens Glas. Se steane no achttjinde nei trije wedstriden.
Glas, sels yn 2002 en 2006 dielnimmer oan de Spelen as piloat yn de bob, tinkt dat it mei dy eask dus hiel dreech wurdt foar de bobsilders om harren te pleatsen foar de Winterspelen yn Pyeongchang: "Hiel lestich. Der kin sa ris in útsjitter komme, dan wurde se bygelyks in kear achtste. Earder wie dat genôch, mar no skowe dêrmei miskien op nei plak 16 yn it klassemint, dan binne se der noch net. Mar ik hoopje dat se it rêde, ik gun se it fan herte."