"Je rijdt in feite met je ogen dicht"

"Je rijdt in feite met je ogen dicht", seit Lesmond Prinsen fan Buro Rij & Verkeersveiligheid oer it brûken fan de telefoan ûnder it autoriden. Mear as 60 persint fan de automobilisten yn Nederlân docht dat wolris, sa docht bliken út ûndersyk fan de SWOV, in stifting foar wittenskiplik ûndersyk oer ferkearsfeiligens. Under de minsken dy't in soad achter it stjoer sitte - mear as 20.000 kilometer yn it jier - leit dat persintaazje noch heger: 92 persint.
By it Ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten stiet in simulator wêrmei't minsken sels ûnderfine kinne wat der krekt gebeurt as je de telefoan brûke ûnder it autoriden. "Mensen reageren verbaasd na een ritje in de simulator. Men heeft het gevoel dat een telefoon gebruiken geen kwaad kan, omdat het altijd goed gaat", sa fertelt Prinsen. "Maar op het moment dat er iets gebeurt, dan ben je kansloos."