Darter Noppert yn foarronde Lakeside tsjin Amerikaan Chaney

06 des 2017 - 20:54

Darter Danny Noppert fan De Jouwer spilet yn jannewaris syn earste wedstriid op Lakeside tsjin de Amerikaan Joe Chaney. Dat is it resultaat fan de lotting woansdeitejûn fan it offisjeuze wrâldkampioenskip darten. De Lakeside, ek wol bekend as de eardere Embassy, wurdt fan begjin jannewaris ôf hâlden yn it Ingelske Frimley Green. Chaney stiet 47e op de ranglist fan de BDO, Noppert 28e. As Noppert syn wedstriid yn de foarronde wint, komt er dêrnei út tsjin James Hurrell út Ingelân. Dy stiet njoggende.

Foar de 26-jierrige Jouster stiet der aardich wat op it spul; hy ferdigenet in finaleplak fan ferline jier. Nei in sterk toernoai ferlear Noppert doe yn de finale fan Ingelsman Glen Durrant.

Dit wykein spilet Noppert it lêste telefyzjetoernoai foar de Lakeside: de Finder Darts Masters. Dat wurdt hâlden yn Egmond aan Zee. Njonken Danny Noppert docht ek Snitser Rick Hofstra mei op it poadium.

Trefwurden: 
Danny Noppert Lakeside darten
(advertinsje)
(advertinsje)