PvdA spoart kolleezje oan: oerlis mei NS oer plak monumint

06 des 2017 - 18:31

It Monumint foar Spoarweipersoniel moat wer in prominint plak krije op it stasjon yn Ljouwert. Dat fynt de fraksje fan de PvdA, dy't dêroer skriftlike fragen steld hat oan it kolleezje. It monumint waard koartlyn ferpleatst nei in oar plak op it perron. De PvdA is dêr net bliid mei, om't it no net goed sichtber is. De partij hat dêrom frege oft it kolleezje oerlizze wol mei de NS, om it monumint wer nei it oarspronklike plak werom te bringen. It monumint stiet al sûnt novimber 1945 op it stasjon, as betinking oan sân meiwurkers fan de spoarwegen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch om it libben kamen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)