Tresoar sil yn 2019 taalekspo Obe eksploitearje

06 des 2017 - 17:28

Tresoar wurdt yn 2019 de eksploitant fan Obe. It taalbelibbingssintrum op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert komt nei 2018 yn hannen fan de Stichting Behear Provinsjale en Buma Biblioteek Fryslân. Dy stichting is ek de behearder fan it gebou fan Tresoar.

Rykdom fan taal

Fan 2019 ôf sil Tresoar mei wikseljende programmearring en fernijende eksposysjes de rykdom fan taal yn Obe sjen litte. Mei de oerdracht oan de stichting woansdei bliuwt Obe ek nei 2018 in wichtich kultureel sintrum. De stichting nimt nei oplevering fan it gebou fan it behear en ûnderhâld foar har rekken.

It gebou is no noch yn oanbou op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Yn 2018 is Obe yn gebrûk as eksposysjeromte en besikerssintrum fan Lân fan Taal, dat diel útmakket fan Leeuwarden-Fryslân 2018. Obe wurdt 2 febrewaris 2018 iepene.

"Wy binne bliid dat we in sterke partner fûn ha dy't derfoar soarget dat Obe ek yn de takomst skitterje sil op sa'n wichtich plak yn Ljouwert en Fryslân", fertelt deputearre Sietske Poepjes. Foarsitter fan de stichting,Marchienes Geersing, is bliid mei de oerdracht. "De oername fan Obe is in ferriking fan de kulturele ynfrastruktuer yn Ljouwert en Fryslân. Wy sjogge der nei út om mei ús partners in moaie programmearring op it mêd fan meartaligens oan te bieden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)