Keunstkolleksje Menameradiel ferdield

06 des 2017 - 17:00

Yn it gemeentehûs fan Menameradiel is woansdeitemiddei de keunstkolleksje fan de gemeente ferdield en oerdroegen oan ferskate partijen, sa as in oantal doarpsbelangen, histoaryske wurkgroepen en it Frysk Lânboumuseum. Op 1 jannewaris hâldt de gemeente op en giet op yn de nije gemeente Waadhoeke.

Mei elkoar 31 objekten út de keunstkolleksje hawwe in nije eigener krigen. It giet ûnder oare om in oantal skilderijen fan de Berltsumer skilder Simon Kamminga (1895-1984). Hy skildere bygelyks in gesicht op Menaam of de Oostindische opfeart yn Berltsum. Alle keunstwurken mei in kultuerhistoaryske wearde bliuwe yn hannen fan de nije gemeente Waadhoeke.

(advertinsje)