FIDEO: Komt konkurrint fan Sjinkie wol of net op de Spelen?

06 des 2017 - 17:30

By de presintaasje fan de shorttrackploech op Thialf is de útsluting fan Ruslân op de Olympyske Spelen bepraat. Foarsitter Thomas Bach fan it IOC makke tiisdeitejûn bekend dat de Russen net wolkom binne op de Spelen yn febrewaris yn Pyeongchang.

Foar Russyske sporters dy't sjen litte kinne dat se nea wat mei doping te krijen hân ha, bestiet de mooglikheid dochs mei te dwaan oan de Olympyske Spelen. Net as Rus, mar ûnder neutrale flagge. Dat soe betsjutte dat shorttrackers lykas Viktor An en Semjon Jelistratov yn Súd-Koreä dochs de konkurrinsje oangean kinne mei Sjinkie Knegt. Dy makket him der net al te drok oer: "Ik ha der gjin ferstân fan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)