Smoarch putsje: potfisk útelkoar helje

06 des 2017 - 16:15

De potfisk dy't ferline wike oanspielde yn Seelân wurdt dizze dagen yn Harns fierder útelkoar helle. Op it strân fan Seelân is de trettjin meter lange walfisk al yn fjouwer stikken snien en is it maklikste wurk al dien. No moatte de taaie stikken noch fan de bonken ôfhelle wurde. Dat dogge minsken fan Naturalis, dy't it bonkerak dêrnei útstalle wolle yn Leiden.

It is wol in smoarch putsje. Dochs falt it noch ta, sa fertelt Ronald de Ruiter fan Naturalis: "Dit dier is nog vrij vers. De stank is nog veel erger als zo'n dier al een poosje op zee heeft liggen rotten. Toch moet ik me alsnog wel twee keer douchen om de stank een beetje weg te krijgen."

Trefwurden: 
potfisk Harns Naturalis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)