Wurkstraf foar Ljouwerter foar ferfieren himp

06 des 2017 - 16:13

In man fan 34 jier út Ljouwert moat 60 oeren ferplicht oan it wurk, as straf foar it ferfieren fan twa kilo himp yn syn auto. Dat hat de plysjerjochter woansdei bepaald. De man waard fan 't simmer mei syn auto troch de plysje oan de kant set. Hy stie yn de kompjûter registrearre, omdat hy in belestingachterstân hie. De plysjeminsken seagen doe in grutte tas stean, dêr't de twa kilo himp yn siet.

De Ljouwerter joech oan dat hy it guod foar immen ferfiere moast en dat hy dêr 50 euro foar krije soe plus de benzinekosten. Omdat hy finansjele problemen hie, koe hy it jild goed brûke. De fertochte hat achternei spyt dat hy de himp ferfierd hat. Hy hat gjin strafblêd. Omdat hy it finansjeel net rom hat, krijt hy net in boete, mar in wurkstraf.

(advertinsje)