Sinteraasje foar sinnepark Skylge is rûn

06 des 2017 - 15:34
Foto: ANP

It oanlizzen fan in sinnepark by it buorskip Hee op Skylge kin trochgean. It kolleezje fan B&W fan Skylge stelt in subsydzje beskikber fan rom 14.000 euro. Dêrmei is de sinteraasje foar it sinnepark hielendal rûn. It grutste diel fan de sinten wie al binnehelle mei crowdfunding. It park leveret mei 1.500 panielen de stroom foar 120 húshâldens.

De oanlis fan it sinnepark past yn it plan fan Skylge om selsfoarsjennend te wurden op it mêd fan enerzjy yn 2020. Yn febrewaris moat de oanlis fan it sinnepark begjinne.

Trefwurden: 
sinnepark Skylge
(advertinsje)
(advertinsje)