Alde grêfstien yn Kimswert

31 okt 2011 - 12:56

Yn de tsjerke fan Kimswert is by restauraasjewurksumheden in bysûnder âlde grêfstien fûn. It giet om in stien út 1486 dy't heart by it grêf fan in sekere pastoar Johannes. Yn Kimswert is optein reagearre op de fynst, ek omdat it bêst ris sa wêze kin dat de pastoar doarpsgenoat Pier Donia -Grutte Pier- doopt hat. De stien is noch sa geef omdat der yn letter tiden oare stiennen boppe-op lein binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)