Ljouwerter ûndernimmerspriis siket kandidaten

06 des 2017 - 15:08

De organisaasje fan de ûndernimmerspriis fan Ljouwert, de HET, siket nei kandidaten foar de priis fan 2018. It wurdt in bysûndere edysje, want njonken de gewoane ûndernimmerspriis, is der ek in priis foar de kulturele ûndernimmer. Dit is omdat Ljouwert takom jier kulturele haadstêd is. Bedriuwen kinne har oanmelde yn twa kategoryen. Oanmeldingen rinne fia de webside fan de ûndernimmerspriis.

Dit jier waard de HET wûn troch Mark Scholten en Gerard van der Schaar fan MG Energy Systems.

(Advertinsje)
(Advertinsje)