PKN-tsjerke jout sulver oan Museum Heerenveen

06 des 2017 - 20:10

De Protestantse Gemeente Heerenveen jout in kolleksje tsjerkesulver út de santjinde iuw foar lange tiid yn brûklien oan Museum Heerenveen. De tsjerke bewarre it sulver yn de klûs en it waard amper toand. De PKN fynt dat it sulver foar de mienskip te sjen wêze moat en yn it museum kin dat.

De sulveren foarwerpen wurde yn tsjerke brûkt by de fiering fan it nachtmiel. Guon foarwerpen binne fersierd mei foarstellingen dy't te krijen ha mei it libben en de dea fan Kristus of mei Leauwe, Hoop en Leafde. Opfallend is dat in tal nachtmielbekers - dy't op It Hearrenfean makke binne - oan de ûnderkant fersierd binne mei in plaatsje fan de tsjerke of de klokkestoel by de tsjerke. It fakmanskip sit yn it gravearwurk.

It tsjerkesulver is in oanfolling op it ferhaal fan Hearrenfean dat by it museum ferteld wurdt. De foarwerpen binne fan 7 desimber ôf te besjen yn Museum Heerenveen yn de sulverskatkeamer.

(advertinsje)
(advertinsje)