Apelbeammen moatte Terherne ynsektfreonliker meitsje

06 des 2017 - 14:22
Apels oan in beam - Foto: ANP

Yn Terherne wurde sneon 60 nije fruitbeammen plante, troch Pleatslik Belang. It doarpsbelang is al in pear jier dwaande mei it griener meitsjen fan it doarp, omdat der soargen binne oer de biodiversiteit en in goed plak foar ynsekten. Doarpsbelang hat dêrom in plan betocht en de gemeente is dêr koartlyn mei akkoart gongen.

It giet om apelbeammen, prommebeammen en kersebeammen. Dy komme oan de Strikel, dat is oan de súdkant fan it doarp. De wethâlder fan De Fryske Marren is der sneon by, as de earste beammen oanplante wurde.

Trefwurden: 
Terherne beammen
(Advertinsje)
(Advertinsje)