Op Skylge is noed oer it weromrinnende tal reeën

Skylge hat mei ReeTerschelling.nl in nije stichting dy't him mei de reeën op it eilân dwaande hâldt. De inisjatyfnimmers meitsje harren soargen oer it weromrinnen fan de stân fan de reeën op it eilân. Dat komt troch it jachtbehear, mar ek troch losrinnende hûnen en trailrunners en mountainbikers dy't de rêst fan de ree fersteure.
De stichting wol graach meiprate oer it behear fan de populaasje en besikers en bewenners fan it eilân mear ynformaasje jaan oer de ree.