Wensoarchsintrum Ielânen yn Snits wurdt fernijd

06 des 2017 - 14:06
De Ielânen yn Snits - Foto: Google Streetview

It wensoarch- en behannelsintrum Ielânen yn Snits wurdt de kommende tiid hielendal fernijd. Under de wurktitel ''de Harste Hoeve'' komt der ûnder oare in spesjalistysk sintrum foar minsken mei Korsakov en jong-demintearjenden. Dêrneist wurdt de geriatryske refalidaasjesoarch op de Ielânen konsintrearre. Neffens soarchorganisaasje Patyna biedt it alve hektare grutte terrein fan de Ielânen in soad mooglikheden foar in fernijende, demintensfreonlike doarpswyk binnen de stêd.

Kommende tiisdei hâlde Patyna, de gemeente Súdwest-Fryslân en wenningbouferiening Elkien in ynformaasjebyienkomst foar bewenners.

Trefwurden: 
Ielânen Snits Patyna
(Advertinsje)
(Advertinsje)