Lemster oanhâlden; fertocht fan belutsenheid by plofkreak

06 des 2017 - 13:42
Foto: CAMJO media

De plysje fertinkt in man fan 20 fan De Lemmer fan belutsenheid by in plofkreak yn syn wenplak. Yn de betide moarn fan 16 maaie waard in pinautomaat fan de Rabobank yn in supermerk oan it Verlaet opblaasd. Dêrtroch ûntstie in soad skea. Boppedat moast de Explosieven Opruimingsdienst Defensie yn aksje komme, omdat der mooglik resten fan eksplosiven yn de automaat achterbleaun wiene.

Nei oanlieding fan it ûndersyk is de ynwenner fan De Lemmer oanhâlden. Hy is fêstset foar fierder ûndersyk. De plysje slút mear oanhâldingen net út.

Trefwurden: 
plofkreak De Lemmer plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)