Hokker 10 shorttrackers meie nei de Spelen yn Súd-Koreä?

06 des 2017 - 13:31

Shorttracker Dennis Visser fan De Lemmer giet nei de Olympyske Spelen. Dat hat bûnscoach Jeroen Otter bekendmakke. It gong op it lêst tusken Visser en Mark Prinsen. Dy is bûten de boat fallen.

Otter makke fierder bekend wa't hokker ôfstannen ride sil. Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting ride alle ôfstannen. Itzhak De Laat docht mei oan de 1000 en 1500 meter. Daan Breeuwsma en Rianne de Vries meitsje noch kâns op in yndividuele ôfstân. Dat wurdt begjin jannewaris dúdlik, nei it Nederlânsk Kampioenskip.

De Olympyske Spelen binne yn febrewaris, yn Pyeongchang yn Súd-Koreä.

Folsleine ploech

Manlju: Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Dylan Hoogerwerf en Dennis Visser.
Froulju: Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Yara van Kerkhof, Jorien Ter Mors en Lara van Ruijven.

500 meter

Manlju: Knegt, Hoogerwerf en in tredde noch te bepalen shorttracker.
Froulju: Schulting, Van Kerkhof en Van Ruijven.

1000 meter

Manlju: Knegt, De Laat en in tredde noch te bepalen shorttracker.
Froulju: Schulting, Van Kerkhof en in tredde noch te bepalen shorttracker.

1500 meter

Manlju: Knegt en De Laat.
Froulju: Schulting, Ter Mors en in tredde noch te bepalen shorttracker.

Relay

Manlju en froulju: Dat bepaalt de bûnscoach pas op de wedstriiddei sels, as de Spelen al oan de gong binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)