Krystbeamme-aksje fan Omrop is grut sukses

06 des 2017 - 12:01

Sinteklaas is it lân wer út, dus de krystbeam kin wer yn 'e hûs helle wurde. Omrop Fryslân bringt dizze wike fan woansdei oant en mei snein tritich folslein optúgde krystbeammen del by minsken dy't dat fertsjinje.

Arjen de Boer en Timo Jepkema dienen in oprop foar de krystbeamme-aksje en dat ha we witten! Fryslân gunt massaal in krystbeam oan in oar; it tal oanmeldingen stiet no al op sa'n 600. Dat is mear as ferline jier. En minsken kinne har noch oant en mei sneon opjaan.

De earste beam

De earste krystbeam wie woansdei foar Corrie Gedaan fan De Lemmer. Se behearde jierrenlang it dûsgebou op De Lemmer. Mar noch hieltyd is sy warber foar elkenien. Mei har man hawwe sy mei Sinteklaas guod ynsammele foar bern dy't oars neat krije. Dat is wol in krystbeam wurdich, fûn Hillie Kasmarek-Boskma. Dit wie har motivaasje:

"Deze lieve mensen doen zoveel voor de minderen in Lemmer. Ze heeft jaren met haar man het douche gebouw in Lemmer beheerd. Ze zijn daar mee gestopt en hebben de lemsterspullen verlootgroep opgezet waar ze nu meer dan 3000 leden hebben. Nu zijn ze weer bezig sinterklaas spullen in te zamelen voor de kindjes die anders niets krijgen. Deze mensen zijn altijd voor andere mensen bezig het word nu tijd dat ze zelf eens de aandacht krijgen die ze zo ontzettend verdienen."

De krystbeammen wurde noch oant en mei snein 10 desimber troch de hiele provinsje besoarge en folslein mei nije fersiering optúgd. We sette de krystbeam by de minsken yn de wenkeamer.

Folgje de aksje

De aksje is de hiele wike te folgjen op radio, ynternet en telefyzje mei bydragen fan ferslachjouwers. Alle dagen jouwe we seis krystbeammen fuort. Yn de radioprogramma's Fryslân fan 'e moarn, Muzyk yn Bedriuw, No yn Fryslân, De middei fan Fryslân en Weistra op wei dogge we dat. Woansdei oant en mei freed wurde ek yn Fryslân Hjoed live krystbeammen fuortjûn. Ek fia sosjale media diele we krystbeammen út.

Opjaan kin fia Omropfryslan.nl/krystbeam. Op dy side binne ek alle ferhalen en foto's werom te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)