Fakbûnen driigje mei aksjes yn iepenbier ferfier

Bus fan Arriva © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Nei it FNV driget no ek it fakbûn CNV mei aksjes yn it iepenbier ferfier, no't petearen oer in nije CAO op neat útrûn binne. It fakbûn sil fan 11 oant en mei 21 desimber mei de leden om tafel om te hearren oft dy aksje fiere wolle. Krijt it fakbûn grien ljocht, dan binne de earste aksjes begjin jannewaris.
Neffens CNV Vakmensen is de leansferheging fan 6 prosint oer 3 jier dy't de wurkjouwers biede, net genôch. It CNV wol 10 prosint. Dêrneist moat neffens it fakbûn de wurkdruk omleech en moat der jild foar opliedingen komme. Der falle hast 13.000 minsken ûnder de CAO Streekferfier. Dy wurkje by grutte ferfiersbedriuwen lykas Arriva, Q-Buzz en Connexxion.