Syktocht nei fermiste Remon Bruinsma: in oersjoch

© Kappers Media
Remon Bruinsma fan De Westereen wurdt no al hast fjouwer wiken fermist. Yn de nacht fan tongersdei 30 novimber is er foar it lêst sjoen yn de Alde Doelesteech en op de Nijstêd. De 18-jierrige wie op stap yn Ljouwert, mar kaam net thús. In oersjoch fan wat dêrnei bard is, fan dei ta dei.
Tongersdei 30 novimber
Remon Bruinsma is mei klasgenoaten fan Stenden op stap yn Ljouwert. Yn de Alde Doelesteech rekket er syn klasgenoaten en ek de jonge by wa't er sliepe sil, kwyt. Neffens wat de famylje begrepen hat, is Remon op in stuit troch portiers en plysjes fuortstjoerd en sit er in skoft foar it gebou fan de C&A oan de Nijstêd. Hy sil dêr miskien sitten hawwe te wachtsjen op de jonge dêr't er sliepe sil. Om likernôch trije oere praat in meiwurker fan in kafee noch mei him en seit dat er syn jas tichtdwaan moat, omdat it kâld is. Neffens dy man is Remon goed oansprekber. Plysjeminsken prate ek noch mei him en freegje oft er in taksy nedich hat. Om fjouwer oere is er noch belle. In twadde petear hat er, sa't it liket, fuortklikt of wegere. Kamerabylden litte sjen dat er dêrnei yn de buert fan de Lytse Tsjerkestrjitte is. In speurhûn, ynset troch de famylje, liedt nei de achterkant fan skouboarch De Harmonie. By it wetter rint it spoar dea.
Freed 1 desimber
De mobile telefoan fan Remon Bruinsma wurdt freedtemoarn fûn yn de stêd. Syn mem, Ansje Dijkstra, pleatst freedtejûn in oprop op Facebook. Dy wurdt al gau tûzenen kearen dield.
Sneontemiddei wurdt mei in boat socht yn de grêft oan de Ljouwerter Nijstêd. Dat smyt neat op. Ek is socht by de kanten fan de stedsgrêften. De plysje besjocht bylden fan befeiligingskamera's yn de binnenstêd.
De plysje siket moandei yn in grutter gebiet yn Ljouwert fierder. Mei meardere boaten sykje se yn it wetter fan de Westersingel en by de Prinsetún. Ek besjogge se bylden fan befeiligingskamera's en sirkelet in plysjehelikopter boppe Ljouwert. De famylje fan Remon Bruinsma ropt minsken kamerabylden beskikber te stellen as se dy ha fan de Ljouwerter binnenstêd. Se hoopje dat der kamerabylden binne, dy't mear dúdlikheid jaan kinne oer wat mei Remon bard is tusken 2 oere en 6 oere moarns yn de nacht fan tongersdei op freed.
In groep minsken siket tiisdeitemoarn nei Remon Bruinsma. Se treffe elkoar om 9.30 oere by de C&A op de Nijstêd. De oprop komt fan Andrea Elzinga op Facebook. Se fynt dat de fermissing al fierstente lang duorret en wol dêrom sels yn aksje komme. Se hopet safolle mooglik minsken mei te krijen. It berjocht wurdt in soad dield op Facebook.
De plysje siket ek tiisdei op en om it wetter yn Ljouwert. Se sette dûkers yn om it wetter by skouboarch De Harmonie te ûndersykjen. Dêr is troch sonarapparatuer wat yn it wetter sjoen. De dûkers ûndersykje wêr't it krekt om giet. De syktocht smyt neat op.
De syktocht giet woansdei fierder, op itselde plak, by it wetter by skouboarch De Harmonie. De plysje siket mei hûnen, sonar en teams spesjalisearre yn drêgjen.
De plysje meldt om healwei fiven dat se de sykaksje op it wetter foar woansdei sûnder resultaat ôfslute.
De sykaksje op it wetter en by de grêften yn it sintrum fan Ljouwert giet tongersdei, in wike nei de ferdwining fan Remon, fierder. Sa'n fyftich frijwilligers sykje moarns yn it natuergebiet de Grutte en Lytse Wielen. Se tinke dat de jonge mooglik besocht hat nei hûs te rinnen. Oan it begjin fan de middei wurdt de sykaksje op it wetter stopset, dy hat neat opsmiten. Der wurdt wol fierder socht yn de stêd. Dêrnjonken wurde kamerabylden goed neisjoen op mooglike spoaren fan de fermiste Westerener.
Mei man en macht is de plysje fan Ljouwert ek freed wer op syk nei Remon Bruinsma. Mei in plysjehelikopter is boppe it spoar fan Ljouwert oant stasjon De Westereen nei de jonge socht. Dat hat neat opsmiten. De plysje hâldt rekken mei de mooglikheid dat Bruinsma net mear libbet, mar it kin ek goed wêze dat er noch wol yn libben is, seit in wurdfierder. Oant en mei tongersdei is mei boaten, dûkers en sonar nei him socht. De plysje krijt noch alle dagen tips yn de fermissingssaak en wurdearret dat bot.
Sneon 9 desimber
De famylje fan de fermiste Remon Bruinsma siket in famke dat hy yn de nacht fan syn ferdwining tsjinkaam is yn Ljouwert. De mem fan Remon, Ansje Dijkstra, docht dy oprop op Facebook. Op kamerabylden hat de famylje sjoen dat Remon meirint mei in groepke fan fjouwer of fiif persoanen fan de C&A op de Nijstêd oant de Doelesteech. Op de hoeke oankaam, wiist in blond famke út dit groepke nei de oare kant fan de Nijstêd. Remon rint dêrnei fluch dy kant op.
It blonde famke dat har meldt yn ferbân mei de fermissing fan Remon Bruinsma, is net it famke dat socht wurdt. Dat skriuwt de mem fan Remon op har Facebookside. Nei it berjocht op Facebook dêr't it famke yn oproppen waard om har te melden, skriuwt de mem fan Remon dat in famke kontakt socht hat, mar it docht bliken dat it net om it famke giet dat socht waard.
De rêdingsbrigade siket sneintemoarn yn Lekkum nei de fermiste Remon Bruinsma. Dat dogge se yn en om de jachthaven fan it doarp en op de Dokkumer Ie. Der bestiet in fermoeden dat it lichem fan Remon mooglik troch de streaming yn dat part fan de Dokkumer Ie telâne kaam is. De syktocht smyt neat op.
Moandei 11 desimber
De plysje siket moandeitemiddei op 'e nij nei de fermiste Remon Bruinsma. De syktocht rjochtet him benammen op de grêften en oare binnenwetters yn de Fryske haadstêd. De plysje docht dit allinnich op basis fan sicht. Dit betsjut dat der net mei drêgen nei de fermiste 19-jierrige jonge socht wurdt. Njonken de syktocht by it wetter is de plysje ek noch hieltyd dwaande om de tiidline fan de jûn fan de fermissing kompleet te krijen. Alle dagen sjocht de plysje op watfoar wize oft se sykje moatte.
Groepen frijwilligers sykje woansdeitemoarn nei de noch altyd fermiste Remon Bruinsma. De jongen út De Westereen wurdt al 12 dagen fermist. De syktocht fan de frijwilligers rjochtet him benammen op de omjouwing fan it Van Harinxmakanaal. Ek by de Snekertrekvaart en by it Prinses Margrietkanaal sille se sykje.
"It wurdt hieltyd swierder", seit Steffen Bruinsma, de heit fan Remon. "Je witte it net mear, der komme gjin berjochten binnen." De famylje siket sels noch hieltyd en krijt in soad help. "We kinne net stil sitten bliuwe." Se wolle kamerabylden opfreegje fan de pinautomaat op it Aldehoustertsjerkhôf, want mooglik is er dêr op te sjen. "We hâlde hoop. Miskien is er meinommen of yn in auto stapt, de stêd út. We ferwachtsje net dat er yn it wetter leit." De famylje krijt blommen en fielt in soad meilibjen. "Elk sjocht om him hinne." It libben fan de famylje stiet stil. "As steane we op pauze, alles om dy hinne giet troch, mar der is gjin rêst. We ha noch hieltyd hoop dat er thúskomt, dat er noch libbet. We gean troch, salang't er noch net fûn is, bliuwt de hoop. It is in nachtmerje."
Der binne nije bylden fan Remon Bruinsma. De kamerabylden dêr't Remon op te sjen is, litte sjen dat hy yn de Doelestrjitte rint. Dat is in strjitte by de Grienewei. Dêr is te sjen dat er linksôf slacht rjochting it Aldehoustertsjerkhôf. Dêrnei is neat mear te sjen. De famylje en plysje freegje minsken dy't yn de nacht fan 30 novimber op 1 desimber op de Grienewei en omkriten wat sjoen hawwe om dat te melden en se freegje op 'e nij mei klam om kamerabylden op en om de Grienewei / Aldehoustertsjerkhôf. Ek de oare kant fan de Grienewei wolle se graach besjen om út te sluten dat er in oare kant oprûn is.
Tongersdei 14 desimber
Twa wiken nei't Remon Bruinsma fermist rekke, ferpleatst de sykaksje him nei bûten de stêd. De plysje siket yn natuergebiet de Grutte Wielen mei in spesjaal team fierder nei eventuele spoaren fan Remon. Dat dogge se om út te sluten dat er nei syn wenplak De Westereen tarûn is.
Dêrneist ûndersiket de plysje de track and trace op Remons tillefoan. Earder yn 'e wike hie de famylje fan Remon dat fûn en dat trochjûn oan de plysje. Mei de track and trace hopet de plysje mear dúdlikheid te krijen oer wêr't Remon de dei en nacht fan de fermissing west hat.
Der steane bewakingsbylden online dy't filme binne fan de stille kant fan de Nijstêd ôf. Op dy bylden is te sjen dat in groep minsken oan de oare kant fan de Nijstêd foar de C&A delrint. De fermiste Remon Bruinsma soe ien fan harren wêze kinne en oars hat de groep Remon miskien sjoen. Oan 'e ein fan it filmke slacht de groep de Alde Doelestege yn. De famylje ropt de minsken yn dy groep op om kontakt mei harren op te nimmen.
De groep op it filmke dat snein nei bûten brocht waard, meldt him. De plysje praat deselde dei noch mei it groepke, mar sy kinne harren neat heuge oer Remon.
Sneon 23 desimber
Op ferskate plakken yn en om Ljouwert wurdt sneon wer socht om de fermiste Remon Bruinsma. Bruinsma fan De Westereen wurdt al trije wiken fermist. Hy waard foar it lêst sjoen yn de binnenstêd fan Ljouwert nei in jûn stappen. Mar dêrnei is neat mear fan him fernaam.

Tsientallen frijwilligers sykje om him yn natoergebiet De Grutte Wielen. Ek waard der sneontemoarn socht by it Ljouwerter stasjon. Ek de plysje is sneon opnij op syk gien. Sa waard der mei plysjehûnen socht yn de omjouwing fan de Ljouwerter fleanbasis.
Ynformaasje, tips of ideeën oer de ferdwining fan Remon Bruinsma binne ek dit krystwykein fan herte wolkom by de plysje. De plysje krijt dy ynformaasje it leafst telefoanysk op telefoannûmer 0900-8844. Der binne ek minsken dy't besykje om de plysje fia Twitter of oare digitale media te tippen, mar sokke tips binne lestich by te hâlden foar de plysje.

Sneon is der wer op ferskate lokaasjes troch tsientallen frijwilligers om Remon Bruinsma socht. Dat barde ûnder oare by de fleanbasis en yn de Ljouwerter bosk. Ek op de Twadde Krystdei sil der wer socht wurde. As dat wer tips of oanwizigings opsmyt krijt de plysje dy it leafst oer de telefoan.
Frijwilligers fan de Stichting Signi Speurhonden sykje tiisdei yn Ljouwert opnij nei de fermiste Remon Bruinsma. Esther van Neerbos fan de stichting nimt trije speurhûnen mei foar de syktocht. Se begjinne by De Harmonie te sykjen en dêrwei sille se mei in boatsje it wetter op. De stichting hat twa dûkers achter de hân. Mochten de hûnen in spoar fine, dan kinne de dûkers ûnder wetter sykje.
Remon ferdwûn tongersdeinacht fan 30 novimber op 1 desimber nei in jûntsje stappen. Sawol de plysje as frijwilligers binne al dy wiken nei him op syk. Kommende tongersdei, 28 desimber, sil der op 'e nij in groep frijwilligers op 'n paad om te sykjen mei speurhûnen. Minsken dy't meisykje wolle, kinne harren om 12.30 melde op it stasjon yn Ljouwert.
Kommende tongersdei, 28 desimber sil op 'e nij in groep frijwilligers op 'en paad om te sykjen mei speurhûnen. Minsken dy't meisykje wolle kinne harren om 12.30 melde op it stasjon yn Ljouwert.