Provinsje entûsjast oer pelletfabryk fan 10 miljoen euro

06 des 2017 - 11:23

Der komt mooglik in pelletearfabryk op bedriuweterrein Haskerveen by It Hearrenfean. Biomassa Fryslân yn Dronryp hat serieuze plannen om it fabryk te bouwen. Yn it fabryk sil Frysk snoei- en resthout ferwurke wurde foar pelletkachels. De produsearre pellets ferfange neffens direkteur Niek Witteveen fan Biomassa Fryslân 50 miljoen kúb gas. It giet om in ynvestearring fan 10 miljoen euro. Der wurdt no tegearre mei de provinsje ûndersocht wat de helberens fan it fabryk is.

De provinsje is entûsjast oer de plannen. Der ûntstiet neffens deputearre Michiel Schrier in regionale bio-enerzjyketen, dy't yn 2020 hast 15 prosint fan de duorsume enerzjydoelstelling produsearret.

Yn de maitiid fan kommend jier moat dúdlik wêze oft de plannen trochgean. Wat Biomassa Fryslân oanbelanget kin der oan de ein fan 2019 begûn wurde mei de bou. Der soene yn earste ynstânsje 17 minsken in baan fine, mar dat kin útgroeie oant 70 meiwurkers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)