Plysje fynt mear as 100 kilo fjoerwurk yn Ljouwerter wenning

06 des 2017 - 11:05
Foto: ANP

De plysje hat yn in wenning yn Ljouwert 111 kilo oan sierfjoerwurk yn beslach naam. It fjoerwurk lei yn in wenning oan de Boeierstrjitte. Minsken meie maksimaal 25 kilo sierfjoerwurk thús lizzen ha.

De 31-jierrige fertochte is net oanholden, en wurdt letter heard. De plysje Ljouwert hâldt dizze moanne spesjaal tafersjoch op fjoerwurk. Dan giet it om de hannel, mar ek om it ôfstekken.

Trefwurden: 
plysje fjoerwurk Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)