Margot Boer kin sulveren medalje ophelje yn Pyeongchang

06 des 2017 - 10:11
Foto: Henk Jan Dijks, ANP

Margot Boer is al ophâlden mei reedriden, mar dochs kin se op de kommende Olympyske Spelen in sulveren medalje ophelje. It IOC makke tiisdeitejûn bekend dat by de Winterspelen yn Pyeongchang in spesjale seremoanje komt foar 'opwurdearre' atleten. Sporters kinne in medalje of in moaiere plak krije nei it skrassen fan de resultaten by Sotsji yn 2014 fan goed tweintich Russyske wintersporters, dy't fanwege dopingpraktiken út de útslaggen helle binne.

Nieuwe herinneringen

Boer helle yn 2014 brûns op de 500 meter. De reedrydster wenne yn dy tiid yn Goaiïngaryp. Se kin no in sulveren plak krije fan de Russin Olga Fatkoelina, dy't ein foarige moanne foar it libben útsletten is fan de Spelen. Boer is bliid mei de seremoanje. "Ik raak de foto's en herinneringen aan deze bronzen medaille kwijt. Dan is het mooi als je op een bepaalde manier toch nieuwe herinneringen kunt maken op een olympisch podium. Want dat is wat de Olympische Spelen zo mooi maakt", sei se tiisdeitejûn yn it telefyzjeprogramma Nieuwsuur.

"Vanzelfsprekend zullen wij Nederlandse sporters die naar nu blijkt tijdens Sotsji 2014 alsnog een medaille hebben verdiend, graag meenemen naar Pyeongchang voor de ceremonie waarin die medailles worden uitgereikt'', sei NOC*NSF-direkteur Gerard Dielessen.

(advertinsje)
(advertinsje)