UPDATE: Ek mei sonar 'lestich sykjen' nei fermiste Remon

06 des 2017 - 13:54

De plysje is ek woansdei al de hiele dei op syk nei de fermiste Remon Bruinsma (18) út De Westereen. Hy wurdt al sûnt ôfrûne tongersdei fermist. De plysje siket yn de grêften yn de binnenstêdfan Ljouwert en yn it wetter om de Prinsetún hinne. Dêrby brûke se hûnen, mar ek 'dregteams' en sonarboaten.

"It is lestich sykjen yn de grêften, want der leit fan alles lykas fytsen en winkelkarkes", seit Anne van der Meer fan de plysje. De plysjes krije help fan kollega's út it easten fan it lân.

Neist it sykjen yn it wetter is de resjerzje ek dwaande mei opspoaringsûndersyk en wurde kamerabylden besjoen. "Der binne al wat bylden binnenkaam fan partikulieren, mar as minsken noch wat ha, dan hearre we dat graach."

In grutte syktocht yn Ljouwert, wêrby't ek tsientallen frijwilligers holpen, hat oant no ta neat opsmiten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)