Kollum: "Snein"

Soms falt krystjûn op in snein. Krystjûn is de jûn foar de krystdagen, 24 desimber. Guon lju gean dan nei de mis; de measten sitte te fretten en te sûpen, want yn de krystdagen sels krije je alles net op. As krystjûn op in snein falt, falt âldjiersdei ek op in snein. Aldjiersjûn sitte we te fretten, te sûpen, stekke fjoerwurk ôf en houwe plysjes en ambulânsepersoniel foar de kop. Gesellich. Mar dan moat der oerdei wol oan wurke wurde. De grutste hannelers yn gesellichheid binne kroegen, winkels en fjoerwurkhannelers. Dus is it wol logysk dat in hiel soad winkels op dy sneinen iepen binne. De measten hoege dat net mear te freegjen. Faak jout in gemeentebestjoer tsjintwurdich romhertich stipe. Sa net yn Smellingerlân.
Boargemaster Tom van Mourik, yn Ljouwert noch in fleurige VVD-er, is no bekeard en seit dat as de winkels yn Smellingerlân op dy sneinen iepen geane, se in boete krije sille fan 6.000 euro. It stiet nearne, mar ik tink dat as je iepen geane op én 24 én 31 desimber, 12.000. Singelier. Mar goed, dat krije je as je ien wethâldersposysje opdiele yn twa ChristenUniërs. Dy ha wol twa grutte mûlen yn it kolleezje. En se ha fuortendaliks al sein dat se inkeld mar meidogge as se har sin krije oer permaninte sluting fan de winkels op snein. Sokken as SP, PvdA en D66 lizze har dêrby del. Boppedat wurdt de ChristenUnie yn de ried stipe troch it CDA. Dat is fanâlds dêr ek wat kristliker as yn oare plakken.
Mar sels yn Drachten ha je allegear wolris op it lêste momint in pear mealle hazzelnuten nedich om oer de waarme broadsjes te struien. Of der moat noch in fleuchje angustoara oer de krystpudding. Ek de Krystman is net echt lokkich, want je ha altyd wer lju dy't mei krystdagen bychte en dan ha se ek wer rjocht op in kadootsje.
Dy Krystman moat dus earne oars hinne. Mei al dy oare Drachtsters en Rottefalsters. Winkels yn Hearrenfean, Grins en Ljouwert stean foar harren klear. Likegoed as it sikehús Nij Smellinge yn Drachten echt wol iepen stiet foar as Van Mourik of ien fan dy oare ChristenUnie-jonges op krystjûn in krupsje krije. Ek de plysje yn Drachten is folslein ree om op âldjierssneintejûn wach te wêzen, sadat de âldjiersfierders net hiel Drachten yn de fik stekke. En oars blusse dy brânwachtlju dat dan wol wer. Mei it smoar yn, want se koene oerdei net nei de winkel om in foar de kollega's wat drûge woarst en sausizebroadsjes te heljen.
It wurdt dochs in hiele gaos dy âldjiersdei-snein. Boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân hat nammentlik besletten dat je dêr net earder karbidsjitte meie as om ien oere middeis. Zondagsrust seit er. Ja, mar om kertier oer njoggenen moarns beierje de tsjerkeklokken my al wekker. En Dantumadiel, bepaald net ien fan de lichtste gemeenten op tsjerkemêd, stiet karbidsjitten ta om alve oere moarns. En dan ha'k it der noch net iens oer dat guon oar fjoerwurk sa ferskriklik gefaarlik is, mar likegoed brûkt wurde mei. Wy libje yn Nederlân, minsken.
We stappe ein dizze moanne oer nei 2018, mar we dogge dat dus mei de regeltsjes fan pake en beppe fan foar de oarloch. It hat gjin doel Fryslân op snein oan te fallen, want dan meie de strieljagers net omheech fanwege it leven. We binne dochs einlik no wol sa fier dat elkenien it rjocht hat om op eigen wize de snein te belibjen, mei respekt foar de wize wêrop oft in oar dat docht. Dy ChristenUnie-jonges hoege net nei de winkel ta. Ik hie eartiids ek in âld buorman, in sosjaal demokraat yn ieren en sinen. Mar dy sei as ik sneins oan it gersmeanen wie "zondagswerk maakt niet sterk". It fingerke gie ek noch omheech. Dêr hie buorman rjocht op. Mar ik meande troch. En as in winkelman op snein al of net iepen wol, dan is dat syn eigen kar. Nee, seit Van Mourik. Iepen is 6.000 euro boete. No ja, sa ha we aanst teminsten in ûnderwerp by de riedsferkiezingen yn maart. Dan kin de sneinsbelibbing feroare wurde. Miskien. Sa net? Ach, krystjûn falt wer op in snein yn...... 2023.