Frou (87) komt om by ûngelok Jobbegea

06 des 2017 - 07:51

By in ûngelok yn Jobbegea is in 87-jierrige frou om it libben kaam. Dat meldt de plysje. De frou wie tiisdeitemiddei mei de auto yn de sleat bedarre. De plysje tinkt dat dat kaam omdat se net goed waard.

It ûngelok barde op de Jogchem Alberdawei. Dy hat koarte tiid ôfsletten west foar it ferkear, om romte te meitsjen foar de traumahelikopter.

(advertinsje)
(advertinsje)