Provinsje advisearret ryk: gjin taname gas- en sâltwinning

De hegere seespegel mei net meispylje as argumint foar gaswinning by Moddergat, Lauwerseach en Fjouwerhuzen. Dat advys jout it kolleezje fan Deputearre Steaten oan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. Gaswinbedriuwen wolle mear gaswinning ûnder it Waad. It ministearje fan Ekonomyske Saken ûndersiket oft dat tastien wurde kin. Dêrom hat it ministearje de provinsje om advys frege. Gas- en sâltwinbedriuwen fine dat de minder hege seespegelferheging in argumint is om mear nei gas en sâlt boarje te kinnen.
De provinsje fynt it nuver dat útgien wurdt fan in legere seespegelferheging. "Gelet op het belang van de Waddenzee als waardevol ecosysteem en Werelderfgoedgebied, vinden wij het onwenselijk dat de plannen tot meer gebruiksruimte voor gaswinning leiden. Wat ons betreft zou er sprake moeten zijn van op z'n minst een stand-still," skriuwt de provinsje yn it advys nei Den Haag.
Tiisdei waard dúdlik dat it teien fan it iis op benammen de Súdpoal in folle rappere seespegelferheging feroarsaakje kin as earder tocht waard. Sa kin de seespegel yn tachtich jier tiid mei 1.80 meter omheech gean. Yn de Noardsee soe dat dan 1.50 meter wêze. Ien en oar docht bliken út ûndersyk fan de Universiteit Utrecht.
Natuerorganisaasjes hawwe beswier oantekene tsjin de fergunning dy't de NAM krigen hat fan it ministearje om gas ûnder it Waad wei te heljen. Dat bart fanôf de lokaasjes yn Moddergat, Lauwerseach en Fjouwerhuzen. Neffens de natuerorganisaasjes sil de natuer skea hawwe fan de grûndelgong troch de gaswinning en sille der mooglik lytse ierdbevinkjes folgje.