"Utrit nije Lidl yn Grou is libbensgefaarlik"

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De yn- en útrit dy't supermerk Lidl yn Grou oanlizze mei op de J. W de Visserwei is libbensgefaarlik foar fytsers. Dat fynt in omwenner. De saak tsjinne tiisdei by de Ried fan Steat. De man is it net iens mei de fergunning dy't de gemeente Ljouwert jûn hat foar de yn- en útrit fan de supermerk. Hy wol dat it ferkear nei de Lidl oer de Oedsmawei stjoerd wurdt. Dat soe feiliger wêze.
Veilig Verkeer Nederland en de Fietsersbond soene de plande yn- en útrit ek noedlik fine. Ek de Lidl soe advys ynwûn hawwe, en neffens dit advys soene der gjin problemen te ferwachtsjen wêze mei de plande yn- en útrit. De gemeente Ljouwert is it hjirmei iens.