Itensbank Snits sammelet krystpakketten foar minima

06 des 2017 - 06:20

Foar de sechsde kear op rige organisearret de itensbank yn Snits in krystpakketaksje. Minsken kinne harren krystpakket of in part dêrfan ôfstean oan de itensbank. Dy makket dêrfan itenspakketten foar earme minsken.

Ek minsken dy't oar iten as dat út harren krystpakket delbringe wolle, binne fan herte wolkom, seit de organisaasje, as it mar hâldber iten is.

Trefwurden: 
itensbank Snits
(advertinsje)
(advertinsje)