Hokker ynfloed hat Romeinsk rjocht hân op Fryske taal?

05 des 2017 - 21:01

Der komt in ûndersyk nei it Frysk rjocht. De Vrije Universiteit Amsterdam en de Fryske Akademy sille yn oparbeidzjen mei-inoar ûndersykje hoefolle ynfloed oft it Romeinsk en tsjerklik rjocht hân hat op it Aldfrysk rjocht. En op de ûntwikkeling fan de Fryske taal en it hanneljen fan de ynwenners fan Fryslân. Dan giet it om de perioade 1200 -1500. De provinsje hat goed twa ton foar it ûndersyk besikber steld.

Fryslân wie fan âldsher ûnôfhinklik en hie eigen rjochtsregels, opsteld yn de Aldfryske taal. Doe't Fryslân yn 1498 de selsstannigens kwytrekke en ûnder it bestjoer fan de Georg fan Saksen kaam te stean, mochten se kieze: Saksysk rjocht of Romeinsk rjocht. Se keazen Romeinsk rjocht. It tsjerklike rjocht liet ek syn ynfloed jilde. Mei dy frjemde ynfloeden kamen nije wurden binnen en ek nije regels. Boppedat naam de ynfloed fan it skreaune Frysk ôf.

Ien fan de fragen dy't de ûndersikers beantwurdzje wolle, is yn hoefierre oft it rjocht foar Fryslân identiteitsbepalend west hat. Neffens deputearre Sietske Poepjes is net earder ûndersocht wat de effekten binne fan it rjocht op ûndere oare taalûntwikkeling. "De resultaten kinne in nij ljocht skine litte op de ûntwikkeling fan Fryslân en de Fryske taal", seit de deputearre.

Trefwurden: 
Frysk rjocht
(advertinsje)
(advertinsje)