Nije politike partij op Skylge: Samen Terschelling

05 des 2017 - 20:41
Foto: Samen Terschelling

Skylge is in nije politike partij riker: Samen Terschelling. De ûnôfhinklike riedsleden Guus Schweigmann en Gossen Bos binne tegearre in nije wei ynslein. Sy wolle in iepenere en sosjalere gemeenteried, mei mear each foar de ynwenners fan Skylge. Mei de nije partij wolle Schweigmann en Bos meidwaan oan de gemeenteriedsferkiezingen fan takom jier.

Bos en Schweigmann waarden yn septimber oan de kant set troch Pleatslik Belang Skylge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)